Sulver Douwe de Vries op 5 km

11 jan 2014 - 19:14
  • Douwe de Vries

Douwe de Vries hat op it Europeesk kampioenskip allround yn Hamar it sulver pakt op de 5000 meter. De 31-jierrige debutant sette 6.19.47 del en klom nei it achtste plak yn it algemien klassemint. De winst wie foar Jan Blokhuijsen yn 6.15.89. Blokhuijsen is no de lieder nei de earste dei. De ferskillen binne lykwols hiel lyts. Koen Verweij, fjirde op de 5000 meter, moat snein op de 1500 meter 0.21 sekonde goedmeitsje om Blokhuijsen wer foarby te gean. De Noar Håvard Bøkko stiet tredde op 0.27.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)