Sulejmani yn basis tsjin Grins

07 des 2007 - 15:26
  • Sulejmani: tegearre mei Sibon yn 'e spits

De kâns is grut dat Miralem Sulejmani en Gerald Sibon it spitsekoppel fan Hearrenfean foarmje yn de derby tsjin Grins fan snein. De Poalske spits Radoslaw Matusiak hat in lytse blessuere. Hy ferdraaide syn ankel op 'e training en de Braziliaan Afonso Alves sit syn tredde fan fjouwer wedstriden skorsing út. Ek Roy Beerens is noch net fit.

De lêste seis jier hat Hearrenfean thús altiten fan Grins wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)