Sulejmani nei West Ham United

11 aug 2010 - 17:31
  • (argyffoto)

Ald-Hearrenfean talint Miralem Sulejmani sil takom seizoen foar it Ingelske West Ham United útkomme. Sulejmani gie yn 2008 fan SC Hearrenfean nei Ajax, foar it rekôrbedrach fan 16 miljoen euro. Dat wie doe it heechste bedrach ea by in ynlânske transfer betelle. De prestaasjes fan Sulejmani foelen ôf.

De 21-jierrige oanfaller sil no foarearst in jier lang spylje foar West Ham United. De klup komt út yn de Ingelske Premier League.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)