Sulejmani mei nei Amsterdam

12 maaie 2007 - 14:13

Miralem Sulejmani makket snein diel út fan de seleksje fan SC_Hearrenfean. De Servyske oanfaller mocht oant no ta net spylje foar Hearrenfean. Hy wie troch syn âlde klub Partizan_Belgrado skorst om't Hearrenfean en Partizan it net iens wurde oer de opliedings-fergoeding.

Sûnt 11 maaie is dy skorsing foarby en trainer Gertjan Verbeek hat it talint daliks by de seleksje helle. Hearrenfean spilet snein tsjin Ajax.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)