Suksesfolle soarch foar deminten

11 nov 2005 - 09:35

De opfang fan demintearende âlderen yn it Hillamahofje yn Burgum is in sukses. It falt ûnder soarchsintrum Berchhiem. Der wenje 36 demintearende âlderen yn seis appartementen. Ut ûndersyk fan it Universitair Medisch Centrum yn Grins hat bliken dien dat de bewenners baat ha by de lytsskalige en húslike opfang.

It ministearje fan folkssûnens woe earder gjin tastemming jaan foar it projekt, omdat it der gjin betrouwen yn hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)