Suksesfolle Snikkerun Haulerwyk krijt ferfolch

31 maaie 2015 - 11:35
  • Snikkerun

De earste Snikkerun dy't sneon yn Haulerwyk hâlden waard, krijt takom jier in ferfolch. Dat lit de organisaasje witte. Dy is sa entûsjast oer it ferrin fan de dei, dat fuort in edysje foar 2016 oankundige is.

Der dienen 292 minsken mei oan de hurdrinwedstryd, krekt wat minder as it maksimum fan 300 dielnimmers. It grutste diel fan har rûn fiif kilometer, de rest tsien. Neist algemiene prizen foar de rapste rinners, wie der ek in spesjale priis foar de rapste rinner út Haulerwyk. Bert Bos út Roden wûn de 10 kilometer mei oermacht yn 34:23.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)