Suksesfolle edysje 'Help Pake en Beppe de vakantie door'

04 mrt 2016 - 11:46

De 15e edysje fan 'Help Pake en Beppe de vakantie door' hat musea en argiven in soad besikers oplevere. Neffens de earste tellingen hawwe goed 17.000 bern dizze wike mei pake en beppe in besite brocht oan ien fan de 32 dielnimmende musea of oare ynstellings. It tema fan dizze edysje wie 'Feest'.

Museumfederaasje Fryslân en dielnimmende ynstellings neame it in suksesfolle en slagge wike. It Nasjonaal Modelspoarmuseum yn Snits luts dizze wike 2100 besikers. Ferline jier wiene dat der 735.

It Behouden Huys op Skylge seach it oantal besikers ferdûbeljen nei 400. Nei de Spitkeet op De Harkema kamen sawat 650 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)