Suksesfol earste jier Motozorg

10 apr 2014 - 15:07
  • Robert Koster is oan it wurk mei in motor
  • Jongeren wurkje oan de motors
  • De kombinaasje fan soarch en in motorwurkpleats is unyk yn Nederlân

It giet goed mei Motozorg yn Ljouwert. Dat is de motorwurkpleats dêr't jongeren wurkje mei in gedrachsprobleem. Under begelieding reparearje se motors. Dy kombinaasje fan soarch en motorwurkpleats is unyk yn Nederlân. It doel is dat de jongerein trochstreamt nei regulier wurk of yn elts gefal in deibesteging ha. Boppedat kinne de jongeren sertifikaten krije foar de oplieding ta monteur.

Motozorg bestiet no ien jier. Yn dy tiid ha twa jongeren in baan krigen en is it oantal oanmeldings bot tanaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)