Súkses Wurkakademy Ljouwert

14 maaie 2008 - 10:20

Ljouwert stiet yn de top10 fan gemeenten dêr´t de minsken it gaust út de bystân reitsje. Yn 2007 is it persintaasje útkearingslûkers mei tolve prosint sakke. Dêrmei stiet Ljouwert op it achtste plak.

Lieder is Roosendaal mei 18 %. It lanlik trochsneed leit op in delgong fan 7 %. It súkses fan Ljouwert is foar in grut part te tankjen oan de saneamde Wurkakademy. Dêryn wurde minsken yn ´e bystân begelaat nei betelle wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)