Sukses Wolvegeaster oaljekoek

28 des 2009 - 07:22
  • Sawat de moaiste oaljekoeken fan it lân

De Wolvegeaster bakker Ivo Vliegendehond stiet op it 6e plak yn de jierlikse oaljekoeketest fan it Algemeen Dagblad. Twa jier lyn kaam Vliegendehond op it 20ste plak.

De oaljekoekebakker is út de skroeven mei de útslach. 'Lekker luchtig en goed gevuld' neamt de sjuery de Wolvegeaster oaljekoeken. De bakker skoarde op noch in listje goed: mar twa oaljekoeken binne moaier as dy fan Vliegendehond.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)