Sukses webside dadergezocht.nl

31 des 2010 - 09:37

Yn 2010 binne goed tweintich saken oplost mei help fan de spesjale webside dadergezocht.nl fan de Fryske plysje. Dat docht bliken út sifers fan de plysje sels. Op de webside waarden yn totaal 96 saken publisearre en dêrop kamen 141 tips binnen. It sukses is foar de plysje reden om ek yn 2011 troch te gean mei de site.

Dadergezocht.nl wurdt alhiel fernijd. Yn it nije jier sil it ek mooglik wêze foar tsjûgen om selsmakke filmkes fia de site oan de plysje te stjoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)