Súkses turnster Loes Linders

30 jul 2003 - 00:00

It Nederlânsk turnteam is tiisdei twadde wurden yn de lannewedstryd op it Europeesk Jeugd Olympysk Festival yn Parys. Foar it Nederlânsk jeugdteam is dat de bêste prestaasje dy't yn sa'n fermidden helle is. De oerwinning gie nei de Oekraïne, Ruslân waard tredde.

Loes Linders fan de turnskoalle op it Hearrenfean sit ek yn dat team. Sy pleatste har ek foar de yndividuele mearkamp dy't woansdei hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)