Sukses Rhythm Girls út Dokkum

15 des 2008 - 13:26

It A-team en it B-team fan de Rhythm Girls út Dokkum binne sneon yn Den Bosch Nederlânsk kampioen majorette wurden. De A-groep, 16 famkes fan 11 oant en mei 16 jier, hie in show op muzyk fan de musical Cats.

De 11 famkes fan de B-groep, fan 7 oant en mei 11 jier, kamen mei in show op musyk fan High School Musical. Twa oare groepen fan de Rhytm Girls waarden twadde en tredde op de kampioenskippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)