Súkses op NK judo foar JTS

18 okt 2014 - 20:09

Op de earste dei fan it NK judo yn Rotterdam helle it Judo Topsport Steunpunt (JTS) fan It Hearrenfean in tal medaljes. Hilde Jager wûn yn de klasse oant 57 kg it goud. Miranda Wolfslag pakte it sulver yn de klasse oant 52 kg. Birgit Ente waard foar de fiifde kear kampioen. By de manlju waard Wytze de Jong, de kampioen fan 2013, yn de klasse oant 66 kg tredde. Der wie ek in tredde plak yn de oant 60 kg klasse foar Bas Koffijberg. Edwin Steringa en Veronique Akkermans binne twa fan de trainers fan it JTS op It Hearrenfean.

Fries om utens Wessel van der Ploeg pakte it goud yn de klasse oant 60 kg. Van der Ploeg komt út foar Topjudo Kenamju Haarlem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)