Súkses Omrin yn recycling

24 okt 2012 - 22:21
  • Offal

Offalferwurker Omrin hat yn 2011 62 prosint fan de Fryske húshâldlike smoargens op 'e nij brûkt. Dêrmei hellet Omrin in heger sifer as it lanlik gemiddelde fan 50 prosint. Omrin kin safolle ôffal recyclje, omdat yn Fryslân in protte smoargens skieden oanbean wurdt. It giet dan fral om griente, fruit en túnôffal, âld papier, karton, tekstyl en elektryske apparaten.

Direkteur recycling Hein Grafhorst hopet dat Omrin op termyn op 70 prosint recycling útkomme kin, troch in noch bettere foarljochting oer skieden ôffal oan te bieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)