Sukses mobiliteitssintrum

09 feb 2010 - 21:22

It mobiliteitssintrum yn Fryslân hat ferline jier tritich bedriuwen holpen om foar boppetallich personiel oar wurk te finen. Om bedriuwen yn de krisistiid te helpen, binne oeral yn it lân sokke sintra oprjochte, op inisjatyf fan it Ryk.

It Ryk wol dat de mobiliteitssintra op syn minst 22 persint fan de minsken dy't har melde, werpleatse. Yn Fryslân slagge dat tige goed. Sa''n 60 persint fan it boppetallige personiel waard oan oar wurk holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)