Súkses masters op WK

24 aug 2011 - 19:12
  • Jan Brander fan Oerterp

Twa Friezen ha goud wûn op it WK tiidriden foar masters yn Sankt Johann yn Eastenryk. Jan Brander fan Oerterp wûn de 20 kilometer oer ûnsljocht terrein yn de klasse 60+ yn in tiid fan 26 minuten en 38 sekonden. Hy bleau de Sweed Karlson en de Dútser Grabichler royaal foar.

Rein Oppewal fan Snits wûn yn de kategory 65+ mei 27 minuten en 25 sekonden en liet syn konkurrinten Tjalber út Noarwegen en Scheer dêrmei achter him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)