Sukses Fryske showbands

19 jul 2009 - 17:43
  • Jong Advendo yn aksje yn Kerkrade

Jong Advendo fan Snits hat it dit wykein goed dien op it wrâldmuzykkonkoers yn Kerkrade. Se diene snein mei oan de show en de marsparade.

Op it ûnderdiel mars earste divyzje stean se no op it earste plak. By show earste divyzje stean se twadde yn de ranglist. Jeugdkorps Pasveer fan Ljouwert stiet yn dy kategory op in tredde plak. Jong Advendo en Pasveer binne de iennige jeugdshowkorpsen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)