Sukses Fryske shorttrackers

23 mrt 2014 - 14:20
  • Roza Kooystra yn aksje

De Fryske shorttrackjunioaren ha freed en sneon ferskate medaljes pakt by de Junior Cup Final yn it Bulgaarske Sofia. De 15-jierrige Tjerk de Boer fan Weidum pakte mei it jongensjunioareteam it sulver op de ôflossing. Foar de famkesploech mei dêryn de Friezinnen Aafke Soet en Roza Kooystra wie der brûns op de ôflossing.

In yndividuele medalje wie der boppedat foar Tjerk de Boer dy't freed it goud pakte op de 1500 meter. By de pupillen ried Martine de Boer nei it sulver op de 500 meter.

By de A-junioaren pakte Roza Kooystra it sulver op dizze ôfstân. Snein ride de shorttrackers de 1000 meter by de junioaren en de 777 meter by de pupillen. Dan wurdt dúdlik wa't de bêste shorttrackers fan Europa binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)