Sukses Fryske brassbands op NK

30 nov 2008 - 16:37

By de 28ste brassband kampioenskippen yn Grins binne mar leafst fjouwer Fryske bands nasjonaal kampioen wurden. Yn de fjirde divyzje helle Hallelujah út Menaam it earste plak. Yn de tredde wie it de Wâldsang út Bûtenpost en yn de twadde Lofklank út Oerterp.

Yn de earste divyzje wie it kampioenskip foar de Spikerpakkenband út Opsterlân. Allinnich yn de heechste klasse, de kampioendivyzje gong it kampioenskip net nei in Fryske band.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)