Súkses foar Deekman yn Oranje

08 jun 2009 - 13:57
  • Geert Arend Roorda: ien fan de fjouwer Hearrenfeanspilers yn Jong Oranje (foto Martin de Jong)

It Nederlânske belofteteam mei fjouwer Hearrenfeanspilers hat de heale finale helle fan it ynternasjonale fuotbaltoernoai fan Toulon. Nederlân helle de heale finale troch in goal fan Hearrenfeanspiler Donovon Deekman.

Dêrtroch waard de lêste wedstriid yn de pûl mei 1-1 lykspile tsjin Egypte. Yn 'e heale finale spilet Nederlân no tsjin Sily of Frankryk. By it nasjonale belofteteam spylje fierder ek Geert Arend Roorda, Xander Houtkoop en Daryl Janmaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)