Súkses Donker op Floriade

21 okt 2002 - 00:00

De túnboutentoanstelling Floriade is foar grienfoarsjenningsbedriuw Donker út Snits in grut súkses wurden. Der kamen tsien kear safolle minsken as rûsd wie nei harren stand op de Floriade.

Donker hie in grêftún ynrjochte op de útstalling. It bedriuw hat dêr ek noch in priis mei wûn. Oan de tún hawwe learlingen fan agraryske skoallen wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)