Suksawat en oare NDC-websiden wer yn de loft nei hack

05 jul 2015 - 11:00
  • Suksawat

In tal websides fan de Noardlike Dagblad Combinatie binne dit wykein hackt. Dat meldt de Ljouwerter Krante dy't ek ûnder de NDC falt. It gong om de Ljouwerter webside Suksawat, it medyske Gezondheidenco en it Grinzer stedsblog Sikkom.

De websiden wiene freed, en foar it part ek sneon net te berikken, omdat twa servers oanfallen wiene troch in ûnbekende hacker. De ICT-ôfdieling fan de NDC hat oeren oan de gong west om de sides wer online te krijen. De NDC docht ûndersyk nei de oarsaak, skriuwt de Ljouwerter Krante.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)