Sûkerbiten wurde lang om let roaid

07 jan 2016 - 21:09
  • De sukerbiten kinne einliks roaid wurde
  • Meiwurkers fan maatskip Sijtsma fan Frjentsjer

Izel hat de ôfrûne dagen foar in protte problemen soarge yn de provinsje. By maatskip Sijtsma fan Frjentsjer kaam it waar lykwols goed út. Sy koene no einliks de sûkerbiten roaie. Gewoanwei wurdt dat yn de hjerst dien, mar it slagge Sijtsma doe net, omdat it lân hieltyd te wiet wie.

"Mei de lege temperatueren fan de ôfrûne dagen, is de grûn hurder en slagge it no dochs om de sûkerbiten fan it lân te heljen", sa seit Sijtsma. De sûkerbiten kinne no allinnich net mear nei it fabryk yn Grins, om't dy ticht is.

Sijtsma slyt de sûkerbiten no by feeboeren yn de omjouwing. Der leit noch in bêste foarried, dus as feeboeren noch sûkerbiten nedich ha, dan moatte se kontakt sykje mei him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)