Sûkeladefeest mei diabetes

17 nov 2010 - 18:07
  • De bern mochten de letters sels fersiere

Yn it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert wie woansdei in sûkeladefeest. Bern fan 4 oant 8 jier dy't diabetes hawwe mochten banketbakker Marc Postma helpe om sûkeladeletters te meitsjen en te fersieren.

Dat wiene gjin sûkerfrije sûkeladeletters, want bern mei diabetes meie ek wol ris lekker snobje. De bern koene op it feest sjen dat ek oare bern om harren iten en bloedsûker tinke moatte en dat sy ynsuline krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)