Súdwesthoeke wint silerij

05 aug 2011 - 16:57

De Súdwesthoeke hat freed it skûtsjesilen by Wâldsein wûn. Dat wie in ferrassing, want earst lei Wâldsein op eigen wetter lange tiid op kop. Mar flak foar de finish feroare de folchoarder yn it wedstriidfjild. De Súdwesthoeke kaam dêrtroch foaroan te lizzen en koe winne. Twadde waard Drachten en tredde Boalsert.

Snits giet no oan de lieding yn it klassemint, folge troch Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)