Súdwesthoeke nei Den Haach

18 jan 2010 - 21:45
  • Fryske hynders yn aksje op it Binnenhof

In grutte groep minsken út de Súdwesthoeke wie tiisdei nei Den Haach om dêr hantekenings oan de leden fan de Twadde Keamer oan te bieden. De FNP hat it inisjatyf nommen, mar ek minsken fan de SP, de VVD en de aksjegroep 'fan ûnderen op" diene mei.

De hantekenings binne fan boargers dy't fine dat se te min behelle binne yn de diskusje oer de weryndieling. De oanbelangjende gemeenterieden binne akkoart mei de weryndieling, mar de Twadde Keamer moat noch beslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)