Súdwest-Fryslân telt de measte 100-plussers fan de provinsje

30 nov 2015 - 10:50
  • Kuierstôk (argyffoto)

We wurde hieltyd âlder en ek it oantal minsken dat 100 jier of âlder wurdt, is de lêste jierren bot tanaam. Sûnt 2000 is it tal minsken dat 100 jier of âlder is, ferdûbele. Yn Fryslân wenje 72 100-plussers. De measte dêrfan wenje yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It giet om fjirtjin ynwenners.

De gemeente Ljouwert folget op it twadde plak mei alve ynwenners dy't âlder as 100 binne. Yn de gemeente Hearrenfean binne njoggen 100-plussers. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan Omrop Fryslân.

1 op de 10.000 Friezen is 100+

Gemiddeld is ien op de 10.000 Friezen 100 jier of âlder. Utsjitters binne Ferwerderadiel (2,3) en Tytjerksteradiel (2,2). Relatyf sjoen stiet Skiermûntseach boppe-oan. Dêr binne per 10.000 ynwenners 10,8 minsken 100+. Mar hiel realistysk is dat sifer net. Der wenje 922 minsken op it eilân, ien derfân is âlder as 100.

100-plussers oan it wurd

De iene hûnderjierrige is fansels better by de tiid as de oare. Oft je noch sûn binne, makket foar de 100-plussers in grut ferskil. Folkje Algra (100) út Gytsjerk: "Je bliuwe je fielen as wiene je 50. Je miene dat je alles wol kinne, mar dat is net mear sa."

Eelke Bakker (105) út Dokkum tinkt faak werom oan it ferline. "De moaiste tiid is wol as je troud binne en bern hawwe."

"Je hecht niet veel meer aan het leven. Te meer omdat je ziet hoeveel ellende er op dit ogenblik is en dat wordt steeds erger", seit Pieter Kuiper (102) fan It Hearrenfean.

Dizze hiele wike yn Bynt potretten fan 100-plussers.  

In oersjoch per provinsje (peildatum 1 novimber)





Provinsje 100+ Oantal ynwenners Oantal 100+ per 10.000 ynw.
Tytsjerksteradiel 7 31955 2,2
Weststellingwerf 2 25507 0,8
Harns  0 15790 0
Achtkarspelen  2 27977 0,7
Skylge  0 4787 0
Flylân  0 1087 0
Kollumerlân  1 12798 0,8
Opsterlân  2 29823 0,7
Dantumadiel  0 19016 0
Dongeradiel  2 23948 0,8
Hearrenfean  9 50169 1,8
Smellingerlân  3 55543 0,5
De Fryske Marren  8 51254 1,6
Ljouwert  11 107858 1
Ferwerderadiel  2 8733 2,3
Frjentsjerteradiel  1 20284 0,5
It Bilt  1 10630 0,9
Ljouwerteradiel  1 10180 1
It Amelân  0 3597 0
Skiermuontseach  1 922 10,8
Menameradiel 1 13576 0,7
Eaststellingwerf 3 25620 1,2
Súdwest-Fryslân 14 84141 1,7
Littenseradiel 1 10838 0,9
       
Totaal 72 646092 1,1
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)