Súdwest-Fryslân pakt doelbewust swalkôffal oan

16 des 2014 - 10:36
  • ôffal

Súdwest-Fryslân komt mei in grutte kampanje om it swalkôffal yn de gemeente oan te pakken. De gemeente hat ûndersykje litten hokker groepen benammen ferantwurdlik binne foar de smoargens op strjitte. Dêrút hat bliken dien dat jongerein, toeristen en evenemintbesikers de grutste feroarsakers binne.

Ek is sjoen nei de plakken dêr't it measte ôffal leit. De gemeente komt no in gerjochte oanpak om dit op te lossen. Sa wurde skoallen en it bedriuwslibben belutsen by foarljochting.

En wykbewenners dy't sels mei in himmelaksje komme, krije stipe fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)