Súdwest-Fryslân moat besunigje

20 jun 2013 - 16:07
  • It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits

De gemeente Súdwest-Fryslân moat de kommende jierren opnij flink besunigje. Foar dit jier en 2014 is de begrutting slutend, mar dêrnei driget in tekoart dat oprint oant tsien miljoen euro yn 2017. Súdwest-Fryslân snijt foaral yn de eigen organisaasje om de tekoarten op te heinen. Dat kin bygelyks troch tûker yn te keapjen. Der wurdt ek sjoen oft de gemeente mei minder personiel ta kin troch bygelyks minsken dy't mei pensjoen geane net mear te ferfangen.

De lesten foar de ynwenners geane yn elts gefal de kommende jierren net omheech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)