Súdwest-Fryslân Milennium Gemeente fan it jier

23 jan 2015 - 20:43
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân is Milennium Gemeente fan it jier wurden. De gemeente krige de priis fan 2000 euro freedtejûn útrikt troch Ton Rombouts, boargemaster fan 's-Hertogenbosch op de nijjiersresepsje fan de VNG, de Vereniging Nederlandse Gemeenten. De sjuery wie ûnder de yndruk fan de ynset fan ynwenners en de foarútsjende blik fan de gemeente.

In Milennium Gemeente draacht mei har ynwenners by oan it heljen fan de Milenniumdoelen. Se dogge dit troch inisjativen út de mienskip te stimulearjen en mei duorsum belied en earlike hannel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)