Súdwest-Fryslân krijt karmerk Fairtrade

07 jul 2015 - 17:26
  • Fairtrade kofje

De gemeente Súdwest-Fryslân hat as sechsde Fryske gemeente it karmerk Fairtrade krigen. In wurkgroep hat der trije moanne lang flink wurk oan hân om Fairtrade-gemeente te wurden. Sa moat de gemeente sjen litte dat bedriuwen en organisaasjes Fairtrade produkten brûke.

Boeren dy't Fairtrade produkten meitsje, yn bygelyks Afrika of Súd-Amearika, krije in earlike priis foar harren produkt. De gemeente wol op dizze wize graach meihelpe oan in duorsume en earlikere mienskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)