Súdwest-Fryslân komt yn aksje tsjin 'Pass-out Challenge'

04 nov 2015 - 12:44
  • Hânhaveners fan de gemeente op de Simon Havinga Skoalle

De gemeente Súdwest-Fryslân en de basisskoallen yn Snits meitsje harren soargen oer in nije raazje ûnder jongeren. It giet oer de saneamde 'Pass-out Challenge' oftewol in flaufal útdaging. Dêrby besykje bern harren siken yn te hâlden of te hyperventilearen, sadat sy út de tiid reitsje en it gefoel krije dat se high binne.

Reden foar de gemeente om aksje te ûndernimmen. Sy hawwe de basisskoallen út Snits ynformearre oer it spultsje. Ek hawwe de âlden fan de bern dy't op de Simon Havinga skoalle sitte in brief thúskrigen.

Neffens de gemeente meitsje de bern der ek in wedstriid fan wa't it earste flaufalt. Dêrneist soe it spultsje benammen dien wurde troch bern yn de leeftiid fan 10 oant 14 jier. Yn Snits is der it fermoeden dat it op meardere skoallen spilet.

It spultsje is oerwaaid fanút Amearika en wie earder al yn it nijs yn Spijkenisse. Op YouTube steane ek filmkes dêr't de bern sjen kinne hoe't it spultsje wurket, sa seit de gemeente.

As it stikspultsje populêr bliuwt ûnder de jongeren wol de gemeente ek ynstânsjes lykas de GGZ derby belûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)