Súdwest-Fryslân hat mear jild foar húshâldlike help

11 des 2015 - 14:19

De gemeente Súdwest-Fryslân hat foar 2016 mear as 1,5 miljoen euro ekstra beskikber foar húshâldlike help. Foar ynwenners fan Littenseradiel is 150.000 euro beskikber. Mei dit jild kinne ynwenners mei in WMO-foarsjenning ekstra húshâldlike help krije.

Derneist is de maatregel neffens de gemeente ek goed foar de wurkgelegenheid yn de thússoarch. De regeling is ek bedoeld foar mantelsoargers. Om foar te kommen dat dy oerbelêste reitsje, kinne se mei help fan in Himmelsjek ferfangende soarch ynhiere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)