"Súdwest-Fryslân grut iepenloftmuseum by KH2018"

10 jun 2015 - 08:34

Súdwest-Fryslân moat it grutste iepenloftmuseum fan de wrâld wurde foar Kulturele Haadstêd 2018. By alle doarpen en stêden yn de gemeente komt in boerd te hingjen mei dêrop de tekst: 'Open foar Kulturele Haadstêd 2018'. 'Iepen' wurdt mei opsetsin as 'Open' skreaun om't dit itselde is as yn it Ingelsk.

Wat der yn de doarpen bart wol de gemeente oerlitte oan de ynwenners sels. Dy kinne de kommende tiid mei plannen komme en by de útwurking help krije fan de gemeente. Ek wol de gemeente leechsteande gebouwen brûke as sliepplak foar toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)