Súdtribune foar Harkemase Boys

29 sep 2011 - 11:55

De fans fan Harkemase Boys krije de hiele súdtribune ta har foldwaan by de bekerwedstryd tsjin SC Hearrenfean yn it Abe Lenstra stadion. Dat binne beide klups tongersdei oerien kaam. De foarferkeap fan de kaartsjes, dy't 5 euro kostje, begjint tongersdeitejûn yn de kantine fan de Boys.

Yn totaal binne der in lytse 5000 kaarten beskikber foar de fans fan de Boys. Foar de seizoenkaarthâlders fan It Fean start de foarferkeap freedtemoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)