Súdgevel Bonnehos mooglik sparre

12 feb 2004 - 00:00

Ljouwert besiket de súdgevel fan it Bonifatius-sikehûs yn de stêd te behâlden. Dêrmei komt de gemeente foar in part de aksjegroep temjitte dy't tsjin de sloop fan it âlde sikehûs is. De aksjegroep hat woansdei goed 3600 hantekens oerlange oan boargemaster De Boer en wethâlder Van Mourik.

De nije eigner mei it gebou slope om't it net offisjeel in monumint is. Der is ek gjin bestimmingsplan foar de grûn sadat de eigner syn gong gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)