Suderskâns taboe foar Talsma

12 jan 2006 - 12:10

Elekroanikasaak Talsma kin mooglik dochs net ferhúzje nei it nije winkelsintrum Suderskâns by Dokkum. Talsma wol út it sintrum wei, omdat klanten en leveransiers dêr dreech parkeare kinne.

FNP en CDA sjogge de ferhuzing net sitten, omdat wyt- en brúnguodsaken net op de fêststelde brânsjelist fan Suderskâns foarkomt. Talsma hat al in boufergunning foar Suderskâns oanfrege en in nije hierder foar de sintrumsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)