'Suderseespoar fan de baan'

07 apr 2006 - 10:17

De oanlis fan it Suderseespoar is fan de baan. Minister Peijs fan ferkear soe in streek setten hawwe troch de plannen. Dat melde bronnen yn Den Haach. It kabinet nimt takom wike in beslút oer it Suderseespoar.

Deputearre Baas seit yn in reaksje it beslút fan it kabinet ôf te wachtsjen. Hy hat tongersdei noch in petear hân mei it ministearje fan ferkear en dêr de needsaak fan sa'n ferbining nochris útlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)