Suderseerâne-projekt is skrast

26 apr 2012 - 12:14
  • De Lemmer

Der komt foarearst gjin nije farferbining fan De Lemmer nei Vollenhove lâns de râne fan de eardere Sudersee. De provinsje Flevolân hat dit tongersdei bekend makke. Yn it ferline wiene der plannen foar in nije Rânemar op dizze rûte. Dy soe betelle wurde moatte út de opbringsten fan grûnferkeap foar wentebou en rekreaasje.

De ôfrûne tiid hat de provinsje Flevolân yn gearwurking mei de belutsen gemeentes ûndersocht oft in beskiedener farferbining wol helber is, mar ek dat sit der op dit stuit net yn.

De gemeente Lemsterlân sil de kommende tiid gjin stappen sette om dielen fan de nije farferbining te realisearjen. De gemeente sil wol meiwurkje oan de toeristyske ambysjes fan buorgemeente Noardeastpolder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)