Suderseeprojekten gau dwaan

19 maaie 2009 - 23:21

De kontrakten foar de projekten dy't betelle wurde moatte fan it Sudersee-kompensaasjejild, moatte gau tekene wurde. Oars bestiet de kâns dat in nij kabinet net it hiele bedrach fan 2,1 miljard euro oan it Noarden betelje sil. Dat seit deputearre Piet Adema.

It Ryk hat Fryslân, Grinslân en Drinte dat jild tasein as kompinsaasje fan it net trochgean fan de Suderseespoarline. Mar no yn dizze mindere ekonomyske tiden hat it Ryk de sinten bot nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)