Suderseeline noch net yn Kabinet

20 des 2003 - 00:00

It kabinet fan premier Balkenende hat freed gjin stânpunt ynnaam oer de oanlis fan de Suderseeline. "We zullen dat op een ander moment bespreken", sei Balkenende freed by de wyklikse parsekonferinsje yn Den Haach.

De útspraak jout net folle hâldfêst oan de stjoergroep Noord foar it Sudersee- spoar. Dy soe freedtejûn byelkoar komme yn Drachten. Mar omdat it kabinet pas letter oer de treinferbining prate sil, gie de gearkomste net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)