'Suderseeline net samar skrasse'

18 apr 2006 - 14:23

It is noch mar de fraach oft de Twadde Keamer de plannen foar in Suderseespoar samar skrasse sil. It kabinet makke ferline wike bekend dat de rappe ferbining tusken Skiphol en Grins fan 'e baan is. Neffens de minister is nut en needsaak fan sa'n spoar net genôch oantoand.

Trije noardlike Keamerleden, Mastwijk fan it CDA, Dubbelboer fan de PvdA en Hofstra fan de VVD stelle dat de Keamer dêr oars oer tinkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)