Suderseejild wurdt ferparte

18 mrt 2008 - 09:02

Yn Den Haach wurdt tiisdei de ferdieling fan de kompinsaasjejilden foar de Suderseeline bekend makke. It giet om in bedrach fan 2.16 miljard euro foar Fryslân, Grinslân en Drinte.

Minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat jout oan 'e ein fan 'e moarn in taljochting. De minister en de trije provinsjes ha moandei hurde ôfspraken makke ûnder oare de nije spoarline Grins - Hearrenfean en de oanpak fan it knooppunt De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)