Sudergrêftswâl nei rjochter

27 jul 2000 - 11:51

Bewenners fan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert skeakelje de rjochter yn om ynformaasje fan 'e gemeente los te krijen. Dy wegeret te sizzen wêrom't de Sudergrêftswâl de bêste lokaasje is foar de festiging fan in dak- en thúsleazenopfang.

Fia de rjochter wurdt no besocht achter de tapaste seleksjekriteria te kommen. Tongersdei wurdt dúdlik oft dat slagget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)