Suderbuorsters belûke by de wyk

09 mrt 2004 - 00:00

In wykpanel wol de bewenners fan 'e nije wyk Suderbuorren by Ljouwert aktyf ynskeakelje by de opbou fan 'e wyk. De wyk wachtet noch op foarsjennings lykas in winkel en in multyfunksjoneel sintrum. Om de bewenners te berikken waarden tiisdeitemoarn yn 'e moarnsspits struibrieven útdield by de stopljochten foar de Drachtsterbrêge.

Op 17 maart is de earste ynspraakjûn yn it doarpshûs fan Himpens, want Suderbuorren sels hat gjin wykgebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)