Suderbuorren wurdt útwreide

02 mrt 2005 - 23:35

Der komme noch mear wenningen by yn de wyk Suderbuorren yn Ljouwert. Dy wurde boud om it tekoart fan hast seis miljoen euro op de wenwyk fuort te wurkjen. It giet om 90 huzen dy't nei alle gedachten takom jier boud wurde.

Yn de earste plannen stiene dizze huzen net. De gemeente Ljouwert hat de bewenners woansdei ynformeard oer it útwreidingsplan. Suderbuorren krijt ek in grut sportsintrum mei in swimbad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)