Súdeasten fan de provinsje bliuwt noch glêd

05 jan 2016 - 13:54

Provinsjale wettersteat is noch hieltyd dwaande om de glêdens yn de provinsje te bestriden. Dat slagget wol aardich, mar it bliuwt benammen yn it súdeasten fan de provinsje aardich glêd. Bygelyks op it nije diel fan de N381 fan Drachten nei Easterwâlde.

Op de linkerrydbaan fan de sintrale as moat men ek goed útsjen. Neffens provinsjale wettersteat wiene der ek oare problemen, mar dy hiene benammen te krijen mei autobestjoerders dy't ûnferantwurdlik ride. De warskôging om foarsichtich te riden jildt noch hieltyd, it is noch ferriederlik glêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)