Súd Ie wachtet op Waadfûns

24 maaie 2013 - 10:12
  • It útsetten fan iel yn de Suder Ie by Eanjum
  • It útsetten fan glêsiel by Eanjum

It Waadfûns makket as alles goed giet op 1 july bekend oft projekt Súd Ie yn Dongeradiel ek jild krijt. Der is 20 miljoen nedich foar it geskikt meitsjen fan kanalen foar de rekreaasjefeart nei ûnder oare Eanjum. Ek soe it subsydzjejild brûkt wurde moatte foar it wetterfront fan Dokkum.

Dat sei wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel tongersdei by it útsetten fan tsien kilo jonge iel yn it gebiet. Eins hiene se al earder in tasizzing ha wollen, mar dat is net slagge. Der is ekstra ynformaasje opfrege en dy wurdt no levere.

De iel is bedoeld foar it earste Nederlânske ielreservaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)