Sûchdieratlas foar Fryslân

14 sep 2010 - 17:16

De Zoogdierenvereniging ropt de help fan Friezen yn om in byld te krijen fan watfoar sûchdieren yn Fryslân libje. De feriening hat te min frijwilligers om Fryslân sels yn kaart te bringen. De Fryske gegevens binne bedoeld foar de sûchdieratlas dy't meikoarten ferskynt. Dy kin bygelyks brûkt wurde as by de oanlis fan in dyk ynformaasje oer de sûchdieren op it trajekt nedich is.

Waarnimmers kinne tips trochjaan op de ynternetside www.zoogdieratlas.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)